Personiel Antonius-sikehûs kin wer thús wurkje

24 jan 2020 - 17:41

Personiel fan de Antonius Zorggroep kin wer thús wurkje. Dat hat in wike lang net mooglik west, omdat it Citrix-systeem dêr't de Antonius Zorggroep mei wurket, hackt wie. Yntusken is in update trochfierd en binne de problemen ferholpen. It systeem is dêrnei kontrolearre en de seinen steane op grien, seit it Antonius.

Foto: Omrop Fryslân

Ek personiel fan oare sikehûzen, gemeenten en oare bedriuwen koe net thús wurkje fanwege it feiligensprobleem mei it Citrix-systeem. Sikehûs MCL yn Ljouwert lei it hiele dataferkear mei de bûtenwrâld stil. Dat betsjutte ûnder oare dat pasjintedossiers net op ôfstân yn te sjen wiene. Dat probleem is yntusken ek ferholpen.

(advertinsje)
(advertinsje)