Earste alve gemeentlike brêgen oer op provinsjale ôfstânsbetsjinning

24 jan 2020 - 17:32

De earste gemeentlike brêgen sille 28 jannewaris oer op provinsjale ôfstânsbetsjinning. De brêgen yn de gemeente Ljouwert geane de kommende fjouwer jier oer op ôfstânsbetsjinning út de provinsjale betsjinningssintrale yn Ljouwert wei.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Alve brêgen fan de gemeente Ljouwert geane de kommende fjouwer jier oer nei ôfstânsbetsjinning. De Palmabrêge yn Wergea en de Tútsebrêge en Gallebrêge by Grou binne de earste trije brêgen, de oare brêgen folgje letter. Tiisdei tekenje Provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert yn Wergea foar dizze gearwurking.

Grutter projekt

De oergong fan de alve brêgen mei betsjinning op ôfstân is ûnderdiel fan in grutter projekt. Yn totaal geane fjirtich brêgen yn de provinsje oer op ôfstânsbetsjinning. It betsjinjen fan brêgen wurdt fan de sintrale ôf oanstjoerd. Nettsjinsteande de ûngemakken dy't foarich jier plak fûnen, is dizze manier fan it betsjinjen fan brêgen neffens de provinsje feilich.

De alve brêgen dy't as earst oergeane op ôfstânsbetsjinning:

  • Palmabrêge - Wergea
  • Tútsebrêge - Wergea en Grou
  • Galle Brêge - Grou
  • Brêge yn de Hoofdstraat - Warten
  • Greijdanusbrêge - Himpens/Suderbuorren
  • Oxena Brids/Himpenserbrêge - Himpens / Suderbuorren
  • Pylkwiersterbrêge - Suderbuorren
  • Greunsbrêge - Ljouwert
  • Dûbele brêge Van Harinxmabrêgen - Ljouwert
  • Slauerhoffbrêge - Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)