PODCAST: 'It bonkerak yn de herberch'

24 jan 2020 - 17:27

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze earste Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'It bonkerak yn de herberch'.

Oflevering 1: It bonkerak yn de herberch

In timmerman út Drachten giet it lân yn om mooglikheden te ûndersykjen hoe't er mear jild fertsjinje kin. Hy bedarret yn in stedsje dêr't it krekt jiermerk is en it is dreech in plakje te finen wêr't er oernachtsje kin. Uteinlik mei er op in keammerke sliepe yn herberch de Koperen Tsjettel, mar de kastlein warskôget him dat er dat keammerke nea ferhiert omdat it der net doocht. It makket de timmerman neat út: hy is skjin oan ein en wol sliepe. Mar hy fernimt al gau dat it yndie net doocht op it keammerke...

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)