Fermiste Julia (14) út Drachten wer terjochte

24 jan 2020 - 16:57

De fermiste Julia Walicka fan Drachten is wer terjochte. Dat meldt de plysje. Julia waard sûnt tiisdei fermist. Neffens de plysje is se yn har eigen wenplak werom fûn.

Foto: Plysje

Julia wie tiisdeitemiddei foar it lêst sjoen yn Drachten. Dêrnei ûntbruts elk spoar fan har. De famylje sette earder in crowdfundingsaksje op om in detektive yn te hieren.

De famylje fan Julia seit op Facebook tankber te wêzen foar alle help en stipe.

Trefwurden: 
Drachten fermissing
(advertinsje)
(advertinsje)