Boeren wolle opnij protestearje yn Den Haag

Boeren wolle op 5 febrewaris wer manmachtich foar in protest nei it Catshuis yn Den Haag. Op dy dei stiet neffens aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) wer in petear op it programma tusken it Lânbou Kollektyf en premier Rutte en minister Schouten fan Lânbou. FDF wol dat der dan spikers mei koppen slein wurde. De aksjegroep ropt boeren op om dan ek te kommen.
Boeren wolle opnij protestearje yn Den Haag
Dat is hurd nedich, want it hat genôch west, seit Farmers Defence Force. Foarsitter Mark van den Oever fan de aksjegroep skriuwt yn in brief dat harren geduld op is. Ek ferwachtet hy dat it Lânbou Kollektyf respekt ûntfange sil by it petear yn it Catshuis.
Van den Oever skriuwt fierder: "Ze moeten ons zien, ze moeten ons horen en weten dat het bedriegen van de boeren niet zonder gevolgen zal zijn." Hy giet fierder mei de tekst: "Zorg dat Rutte zich wel drie keer bedenkt voor hij de Nederlandse boeren opnieuw durft te belazeren." Oer de hiele ynfolling fan de aksje is fierder noch neat bekend makke.
© ANP
It Lânbou Kollektyf bestiet út trettjin partijen, wêrûnder FDF, de LTO en oare belangepartijen. Farmers Defence Force-boeren wiene nei de petearen fan ein foarich jier al net te sprekken oer de útkomsten. Se fiele harren net serieus nommen. "Er worden plannetjes opgezet, noodwetjes erdoorheen gejast en beleid ingevoerd door provincies waar ze ons de nek mee omdraaien."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de aksjedei 5 febrewaris 2020