Goede earste dei foar Fryske shorttrackers op EK

24 jan 2020 - 15:20

Suzanne Schulting, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma ha goede saken dien op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip shorttrack. Yn it Hongaarske Debrecen pleatsten sy harren op alle yndividuele ôfstannen foar de finaledei.

Suzanne Schulting is de grutste favoryt op it EK. Se waard ferline jier foar it earst Europeesk kampioen en ferdigenet dus har titel. Op de 500, de 1000 en de 1500 meter wûn se al har heats en gong se mei gemak troch. Ek har grutte konkurrinte Ariana Fontana út Italië makke gjin flaters. De Britse Elise Christie die nei in jier ek wer mei, mar waard op de 1000 meter útskeakele en sloech de 500 meter oer.

Lara van Ruijven waard op de 1500 útskeakele. Yara van Kerkhof helle wol de finaleronden.

Suzanne Schulting - Foto: ANP

Breeuwsma en De Laat ek troch

It wie ek in goede dei foar Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat. Se hellen op alle trije ôfstannen de finaleronden sûnder sichtbere problemen.

Relay

De relayploech fan de froulju hat de heale finales helle. De ploech kaam yn aksje mei Rianne de Vries, Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven en sy waarden yn harren heat earste, foar Hongarije, Dútslân en Wyt-Ruslân.

De manlju, mei Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Sven Roes en Dylan Hoogerwerf binne ek troch. Se waarden earste yn harren heat, foar Italië, Grut-Brittanië en Turkije.

Sneon binne de finales op de 1500 en 500 meter En de heale finales fan de relay. Snein folgje dan de 1000 meter, de 3000 meter en de finale fan de relay.

Trefwurden: 
EK shorttrack Hongarije
(advertinsje)
(advertinsje)