Foarearst gjin fjoerwurkferbod yn Achtkarspelen

24 jan 2020 - 15:05

It is net helber om in fjoerwurkferbod te hantearjen yn de gemeente Achtkarspelen. Dat waard tongersdei dúdlik yn de riedsgearkomste. Foar in ferbod is in oanpassing fan de Algemene Plaatslijke Verordening (APV) nêdich. "Sûnder in lanlik fjoerwurkferbod kin der lykwols net hanthavene wurde", leit boargemaster Oebele Brouwer út.

Foto: Flickr

De riedsfraksjes fan de ChristenUnie en GroenLinks diene it foarstel om in fjoerwurkferbod yn Achtkarspelen yn te fieren. De partijen brochten in moasje yn yn de riedsgearkomste fan tongersdeitejûn. "In ferbod kin in bydrage leverje oan ûnder mear it ferminderjen fan de oerlêst, letsel en geweld tsjin helpferlieners", litte de partijen witte.

De rest fan de ried fûn it foarstel fan ChristenUnie en GroenLinks te fier gean, lykas de jongereinried fan Achtkarspelen. De ChristenUnie kundige oan dat se it fjoerwurkferbod op 'e nij op de aginda sette wolle. De ynstek dêrby is dat Achtkarspelen har oanslút by it groeiende tal gemeenten dy't it kabinet opropt om mei in lanlik ferbod te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)