Harns jaget mei laserpinne op lûdroftige roeken

24 jan 2020 - 14:49

Yn parten fan Harns hawwe se lêst fan roeken. Sa bot sels dat ynwenners de ôfrûne jierren besocht hawwe de bisten sels de ferjeien. Dat is lykwols oan strange regels bûn, en dus komt de gemeente no yn aksje. Mei in laserpinne, lûd en beweging wurdt besocht de bisten te ferhúzjen.

De roeken sitte it leafst allegear by elkoar. In koloanje roeken bestiet meastal út fiif oant tsien roeken de beam. "De roeken zitten er vooral een uur voor zonsopgang en na zonsondergang. Ze kunnen tot heel laat 's avonds actief zijn en dat zorgt voor overlast", leit projektlieder Rob Wiering út. De bisten meitsje in soad lawaai en litte in soad poep achter. "In de zomer geeft dat vooral heel veel last."

Omwenner Willem van Keulen kin der oer meiprate. Neffens him is it yn it foarjier in helsk lawaai yn de strjitte, en is it mei de fûgelstront somtiden sa ekstreem, dat de strjitte der wyt fan is. In probleem dus dêr't de buert gau fanôf wol. Ferline jier is der dêrom al in hantekenaksje op tou set, en no helpt ek de gemeente mei om de bisten fuort te krijen.

Laserpinne

De bisten wurde ûnder oare ferjage mei laserpinnen. "Dat zijn veilige pennen, die ook bij presentaties worden gebruikt. Het bereik is niet zo groot dat vliegtuigen en helikopters daar last van zullen hebben." Neffens Wiering hawwe de roeken in hekel oan de laserstrielen.

Ek kinne se min oer opfallende refkletearjende jaskes. "Als je zo'n hesje aanhebt, kan dat er al toe leiden dat ze wegvliegen." Ek wurde harren nêsten fuorthelle. "Je moet wel iedere dag terugkomen om de de dieren echt weg te krijgen." Letter yn it seizoen moat dat sels twa kear deis, om't de fûgels har dan fuortplantsje.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei projektlieder Rob Wiering

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De roeken sieten net altyd yn de wenwiken. Doe't de N31 oanlein waard, ferdwûnen in soad beammen. "Toen hadden die vogels geen plek meer om een nest te maken en streken ze neer in de Oosterparkwijk."

Keunstnêsten

Yn de Harnzer Bosk hat de projektgroep alfêst keunstnêsten ophongen. Yn de beammen hingje metalen frames mei dêryn materiaal ôfkomstich út de nêsten yn de wenkwiken. It is de bedoeling dat de roeken dêrop ôf komme. "Dat trekt hen aan, ze kunnen namelijk goed ruiken. In feite hoeven ze er alleen maar te gaan zitten en nestelen." It wurk is dien as de earste aaien yn 'e nêsten lizze.

De omwenners hoopje dat dizze poging suksesfol wêze sil, want ferline jier is der ek al in poging dien. Doe kaam der lykwols in dikke stoarm oer de stêd hinne, wêrtroch't it ferjeien fan de fûgels in skoftke stil kaam te lizzen. Dêrtroch koene de nêsten net op tiid fuorthelle wurde.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar is yn de Harnzer Bosk, dêr't de roeken hinne ferhúzje moatte

Trefwurden: 
Harns oerlêst N31 roeken
(advertinsje)
(advertinsje)