Plysje rôlet himpkwekerij op yn Hurdegaryp

24 jan 2020 - 14:18

Yn Hurdegaryp is freedtemoarn in himpkwekerij mei 382 planten ûntdutsen. De plysje trof de kwekerij oan yn in wente oan de Sinderhoven. Der is in 31-jierrige fertochte oanhâlden.

Foto: De Vries Media

De plysje wie tegearre mei in himpteam oanwêzich om de kwekerij te ûntmanteljen en de planten te ferneatigjen. Hoe't de kwekerij oan it ljocht kaam, is op dit stuit net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)