Twivels oer stimproseduere by beneaming Smink by Noardlike Rekkenkeamer

24 jan 2020 - 13:35

Yn Grinslân wurdt mei fernuvering reagearre op it beslút fan Provinsjale Steaten fan Fryslân om net yn te stimmen mei de beneaming fan Willem Smink, no noch ynterim-direkteur by de Fryske Akademy, as foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer. De provinsjes Grinslân en Drinte stimden al yn desimber unanym foar de beneaming fan Smink by de rekkenkeamer, mar yn Fryslân stimden mar 17 fan de 41 steateleden foar.

Foarsitter Jan Hein Mastenbroek út Grinslân fan de Ried fan Advys fan de rekkenkeamer sjocht hjir bot fan op. "Dan draag je een Friese kandidaat voor, en dan gaat net Friesland dwarsliggen." Mastenbroek hat ek syn twivels oer de rjochtsjildichheid fan de stimming. "Volgens mijn informatie waren er meer voorstemmers dan tegenstemmers en dan is Smink benoembaar."

Oare ynterpretaasje

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hie lykwols in oare ynterpretaasje fan de útslach. Neffens Brok is de beneaming fan Smink fersmiten, omdat mar in minderheid fan 17 steateleden de namme Smink op it stimbriefke skreau. Brok hat de 17 blankostimmen by de tsjinstimmers opteld en Mastenbroek freget him ôf oft dat wol terjochte is.

Willem Smink - Foto: Omrop Fryslân

Beharkje ús bydrage oer de stimming oer Willem Smink

Op it Provinsjehûs wurdt op dit stuit útsocht oft de stimproseduere fan ôfrûne woansdei hielendal goed gien is. De provinsje ferwachtet dêr noch in deimannich foar nedich te hawwen en hopet yn 'e rin fan nije wike mei útslútsel komme te kinnen.

De stimming wie geheim en dêrtroch is net dúdlik wa't der krekt foar en tsjin Smink stimd hawwe. Wol is dúdlik dat yn alle gefallen de partijen Forum voor Democratie en PVV kritysk wiene oer de foardracht. By de diskusje oer de takomst fan de Fryske Akademy sei steatelid Albert van Dijk (FvD) it folgjende oer Smink: "Ik haw dy man noch nea op in fyzje betraapje kinnen. It is in typyske manager."

Te tichtby de provinsje

By dy kommisjegearkomste wie ynterim-direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy sels ôfwêzich. Dat waard him troch ferskate steateleden net yn tank ôfnommen. Der binne ek steateleden dy't fan betinken binne dat Smink as ynterim-direkteur te ticht by de provinsje stiet om ûnôfhinklik foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer wurde te kinnen. De Fryske Akademy hat ein ferline jier noch in finansjele ynjeksje fan de provinsje krigen foar in reorganisaasje en it feilichstellen fan de takomst.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Opstappe

Smink hat sels witte litten dat er opstappe soe by de Fryske Akademy op it stuit dat de beneaming by de Noardlike Rekkenkeamer yngean soe. It is op dit stuit lykwols ûndúdlik oft dat der noch fan komt. De Ried fan Advys fan de Noardlike Rekkenkeamer sil nije wike prate oer hoe't it fierder moat mei de proseduere foar de nije foarsitter.

(advertinsje)
(advertinsje)