Freedsmerk oer Sineesk firus: "It kin grutte gefolgen hawwe"

24 jan 2020 - 13:28

De Sineeske firus-krisis makket ek by ús de tongen los. "In pandemy, it soe samar kinne", stelt immen. "Yn it ferline binne der ek wol hiele folksstammen fan de ierde ferwûn, dus it kin grutte gefolgen hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oan de oare kant wiene der fansels ek minsken dy't har skouders der oer ophellen: "It is fier fuort. En der binne Sinezen genôch..." Wer in oar wie benaud dat it hjir om 'fake news' giet. "Der binne altyd guon dy't der belang by hawwe dat der sa no en dan wat romme wurdt!"

In mear filosofyske gedachte wie dat 'Moeder Natuur' om in balâns siket. "We ûntwikkelje oeral in faksin foar, wêrtroch't de natuer it selsregulearjende fermogen net mear tapasse kin."

Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert

Trefwurden: 
freedsmerk Sina firus
(advertinsje)
(advertinsje)