Grutte kontrôle yn Ljouwert: 150 boeten útdield

24 jan 2020 - 13:13

By in grutte kontrôle tongersdei yn de binnenstêd en it stasjonsgebiet fan Ljouwert binne 150 boeten útdield. Der waard kontrolearre op ferkearsoertrêdingen en oerlêst.

Foto: ANP

Nochal wat minsken krigen in boete omdat se earne ynrieden dêr't dat net mei. Ek fytsten guon minsken yn fuotgongersgebiet of krigen se in boete omdat se parkearren dêr't dat net mei. Minsken krigen ek in bon omdat se smookten yn de stasjonsromte, foar wyldpisjen en riden ûnder ynfloed fan drugs.

Mei-inoar wiene der sa'n fjirtich minsken fan de plysje en de hanthavening belutsen by de kontrôle.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert kontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)