Julia (14) út Drachten noch hieltyd fermist, famylje wol detektive ynhiere

24 jan 2020 - 12:55

De 14-jierrige Julia Walicka fan Drachten is noch hieltyd net weromfûn. Julia is tiisdeitemiddei om twa oere hinne foar it lêst sjoen. De famylje is no in crowdfundingsaksje begûn om in detektive yn te hieren.

Foto: Plysje

De mem fan Julia is dosint Dútsk op it Drachtster Lyceum. De skoalle hat in brief nei de learlingen en dosinten stjoerd om elkenien te ynformearjen.

Grutte ympekt

"De impact hier bij ons op school is enorm", fertelt rektor Audrie Nieborg. "Julia zit op onze collega-school. Er zijn veel verbanden tussen de leerlingen en natuurlijk kennen we Julia ook via haar moeder."

Rektor Audrie Nieborg

Op skoalle wurdt der in soad oer praat en der binne in soad fragen. De famylje is tongersdei mei in crowdfundingsaksje begûn. Nieborg: "De link is gisteren in beperkte kring verspreid. Er is twintig procent van het doel behaald. Wij hebben de link ook in de mail gezet en we zullen ervoor zorgen dat die via onze social media te vinden is."

Julia hat in slank postuer en donkerblond/brún hier. Se draacht nei alle gedachten in swarte 'jumpsuit' mei in fertikale streek oer de skonk, in krêmkleurige jas en wite sneakers. Se rydt mooglik op in blauwe Batavus-fyts.

Minsken dy't mear witte oer wêr't Julia wêze kin, kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)