"Gemeente Amelân moat opsjitte mei beslút oer De Stelp"

24 jan 2020 - 11:15

De gemeente Amelân moat opsjitte mei it nimmen fan in beslút oer nijbou fan it soarchsintrum De Stelp op it eilân. Dat seit direkteur Jan Maarten Nuijens fan soarchorganisaasje KwadrantGroep.

Foto: Google Street View

De KwadrantGroep hat in jier lyn mei de gemeente ôfsprutsen dat der nijboud wurde soe. Dêrnei binne der plannen útwurke foar nijbou op in oar plak. Dêr is bot ferset tsjin kaam, benammen fan bewenners.

Direkteur Nuijens wol dat der sa gau mooglik in knoop trochhakke wurdt. "De KwadrantGroep hat mear oan de holle, It Amelân is net it iennichste plak dêr't nijboud wurde moat", seit Nuijens.

Krityk op KwadrantGroep

Bewenner en âld-politikus Wim de Boer fan De Stelp is ien fan de foarstanners fan nijbou op de hjoeddeiske lokaasje. Hy hie bot krityk op de direkteur fan KwadrantGroep, om't dy sei dat nijbou op dizze wize net helber is. De folder dy't de soarchgroep op it eilân ferspraat hat, wie goed foar de 'Fabeltjeskrant', sa sei hy.

Neffens Nuijens is foar de nije lokaasje keazen fanwegen de kosten en de oerlêst.

De gemeenteried moat noch hieltyd kieze tusken nijbou op de âlde lokaasje of nijbou op de nije lokaasje oan de Oranjeweg.

(advertinsje)
(advertinsje)