Opstapte wethâlder Stella van Gent docht har ferhaal yn It Polytburo

24 jan 2020 - 11:08

Eins wie it platwei in botsing fan karakters dy't der ta laat hat dat Stella van Gent as wethâlder opstappe moast. Dy konklúzje lûkt Van Gent (PvdA), moannen nei't de oare fjouwer wethâlders yn Súdwest-Fryslân it fertrouwen yn har opseinen.

Foto: Omrop Fryslân

Offisjeel wie de oanlieding it yntegriteitsûndersyk dat der komme soe nei Van Gent. Har plannen om tegearre mei de direkteur fan Empatec yn Snits in pân te keapjen hienen laat ta dat ûndersyk. Wurkfoarsjenning Empatec makke diel út fan Van Gent har portefúlje.

De útkomsten waarden lykwols net ôfwachte: har kollega's yn it kolleezje woenen net mear mei har fierder. "Se hawwe in stok socht om my te slaan", seit Van Gent. Neffens har wie de sfear yn it kolleezje B&W ûnwurkber wurden.

"Onverenigbaarheid van karakters"

Van Gent wiist nei wethâlder Maarten Offinga (CDA), dy't as "sterke man" yn it kolleezje de tsjinst útmakket. Uteinlik hat in "onverenigbaarheid van karakters" Stella van Gent de das omdien, sa stelt se. "Het was een links-rechts-gevecht."

Dizze wike wie har ôfskied fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn It Polytburo docht se freed foar it earst har ferhaal. Presintators Andries Bakker en Eric Ennema prate mei Stella van Gent, en oan de ein fan de útstjoering is de cartoon fan Gerco van Beek wer te sjen.

It Polytburo, alle freeds om 17:30 oere op Omrop Fryslân-tv, mei de hiele jûn werhellings.

(advertinsje)
(advertinsje)