Twa maratonploegen wurde ien, mei trainer Jillert Anema

Reedrydtrainer Jillert Anema hat ek takom jier wer de lieding oer in maratonploech. Royal A-ware en Okay Fashion & Jeans sponsorje tegearre de nije manljusploech dy't takom seizoen los sil.
© www.orangepictures.nl
De nije ploech sil bestean út reedriders fan de teams dy't de bedriuwen no ôfsûnderlik fan elkoar stypje. Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga hawwe yntusken harren kontrakt tekene by de nije ploech. Mei oare reedriders wurdt noch oerlein.
Peter de Vries, no noch trainer fan reedrydteam Okay Fashion & Jeans, komt net yn de nije plannen foar. De Vries sit op dit stuit op de Weissensee yn Eastenryk. "Ik haw wol in oanbod hân", fertelt hy.

"Twa kapiteinen op ien skip"

"Mar ik bin ta de konklúzje kaam dat dat my net lokket. It idee wie om tegearre mei Jillert trainer te wurden. Ik twivelje dêr wat oer. It is iens it ferhaal fan twa kapiteinen op ien skip, dat kin net. Dus doe haw ik ôfsein."
Mooglik hat De Vries wol in oare trainersput te pakken, by Jumbo-Visma. "Sûnt twa wiken is der wat geande. Der is kontakt mei de Jumbo-Visma ploech."
"Dy wol takom seizoen in folweardich maratonteam op it iis hawwe. Jac Orie hat my belle en sei dat ik boppe-oan it listje stie om trainer te wurden. Wy gean ynkoarten yn petear."
Trainer Peter de Vries