Kollum: "Alles kits?"

24 jan 2020 - 08:10

"Ik lies in stikje yn 'e krante dat gong oer aardich dwaan sûnder oandacht. Datst bygelyks oan immen fregest hoe't it giet, mar it dy eins neat skele kin. En dat elkenien meastal seit dat it goed giet, wylst it miskien wol net sa is.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It bart ek wol dat immen earlik antwurd jout mar dêr net nei lústere wurdt en de oar oer himsels begjint te praten. Eins is dit bêst wol in drege matearje en ik ha dêr ek gauris muoite mei.

Sa as op feestjes dêr't it hiel drok is, de muzyk lûd stiet en ik amper wat ferstean kin. As ik dan al oan 'e praat reitsje, dan ha ik meastal in finger yn it iene ear wylst it oare spitst is op de persoan neist my. 'WAT SEIST?' rôp ik dan hieltyd, dus sa'n omjouwing is foar my net geskikt foar in djipgeand petear. As ik yn sa'n situaasje immen sjoch dy't siik is of sa, sil ik net gau freegje hoe't it giet en wachtsje ik leaver oant it wat rêstiger is.

Minsken dy't elke skeet dy't har dwers sit op social media klappe, krije fan my ek gjin oandacht want dêr komt gjin ein oan. Of se sette der in foto op dat se yn it sikehûs lizze mar skriuwe der net efkes by wêrom. Soks fyn ik al sa nuver, want sis dan direkt wat der is. Ik kin ek net sa goed oer lju dy't nei fiif minuten de hiele famyljeskiednis oan sykten op tafel goaie en dêr dan hiel sneu by sjogge, wylst se it stikem hearlik fine as der wer wat is.

Meastal freegje sokken earst oan dy hoe't it giet, mar mei sa'n begrutlik gesicht en op sa'n sangerige toan dat se dy hast twinge om ek te freegjen hoe't it mei harren giet. In oere fierder witst presys hoefolle aambeien beppe hat en hoe't it mei de prostaat fan omke Jan giet wylsto dy bêste minsken noch nea sjoen hast. Knikst braaf 'ja' en 'amen' mar ûnderwilens sikest út alle macht in wei om dy los te weakjen fan alle ellinde sûnder ûnfatsoenlik oer te kommen en de oare kear datst se tsjinkomst, makkest dy gau út 'e wei.

De reden wêrom't dit ûnderwerp bêst wol dreech is, komt neffens my omdat nimmen gelyk is. Yn de iene famylje giet it alle dagen oer kwalen en sykten wylst soks yn de oare famylje mear in persoanlik proses is. En dêr't de iene it nedich hat om oeral oer te praten, seit de oar it leaver net iens as er in deadlike sykte hat om sa al it 'geseur' foar te wêzen. Sels sis ik ek net altyd alles, omdat ik der dan gjin ferlet fan ha dat elkenien freget hoe't it giet.

Dêr komt by datst ek net altyd elkenien fertrouwe kinst want as immen dy freget hoe't it giet en meilibjend harket mar fuort dêrnei de buorfrou bellet mei it 'nijs', dan fielst dy behoarlik naait. Soks bart fansels ek gauris, benammen op in doarp dêr't altyd minsken binne dy't alles oer in oar witte. Of se meitsje fan in mich in oaljefant en moatst bygelyks hast smite wylst net iens yn ferwachting bist.

Dochs kin it hiel moai wêze ast op syn tiid in goed petear mei immen hân hast. Op it eintsje beslút binne wy sosjale skepsels dy't elkoar echt net sa gau barste litte, mar we dogge it allegear op ús eigen manier. Goed of fout bestiet dan ek net yn sokke situaasjes, mar dat it bytiden in opjefte wêze kin, is wol wis!"

(advertinsje)
(advertinsje)