BLØF op jubileumedysje Admiraliteitsdagen yn Dokkum

24 jan 2020 - 07:30

De Siuwske band BLØF is it haadoptreden fan de kommende jubileumedysje fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. De band stiet op sneon 5 septimber op de tsiende edysje fan it maritime festival yn Dokkum.

Foto: ANP

It is de grutste band yn it bestean fan de Admiraliteitsdagen dy't nei Dokkum komt. De tsiende edysje fynt yn it earste wykein fan septimber plak.

De Admiraliteitsdagen is in maritym festival mei muzyk, teäter en oare aktiviteiten. Ek de BinckBank Tour, de grutte Nederlânske hurdfytskoers, begjint yn dizze tiid yn Dokkum.

(advertinsje)
(advertinsje)