Huzen dy't te keap steane yn Fryslân binne net sa sunich

24 jan 2020 - 07:14

It oanbod fan keaphuzen yn Fryslân is net sa enerzjysunich. Op de lanlike ranglist stiet ús provinsje op it achtste plak. Dat blykt út sifers fan it online platfoarm Beslist.nl, dat online merken yn byld bringt. As allinnich sjoen wurdt nei huzen dy't nei 1990 boud binne, docht Fryslân it in stik better mei in tredde plak.

Foto: ANP

Fan alle Fryske gemeenten docht De Fryske Marren it it bêst. Sa'n 23 persint fan alle wenningen dy't hjir te keap steane, hat it meast enerzjysunige label: enerzjylabel A. Ek it oanbod fan enerzjylabel B en C is mei 24 persint en 25 persint reedlik heech.

Noardeast-Fryslân minst sunich

De Fryske Marren stiet hjirmei lanlik op it 67ste plak fan de trijehûndert gemeenten dy't yn kaart brocht binne. Noardeast-Fryslân docht it it minst mei it 239ste plak. De enerzjysunichste provinsje is Flevolân. Sjoen it relatyf jonge wenningoanbod yn dy provinsje is dat net sa frjemd.

Beslist.nl kin net in trend yn byld bringe, omdat it ûndersyk foar it earst hâlden is. De gegevens binne basearre op it oanbod fan Funda.nl en Jaap.nl. Yn totaal giet it om hast 110.000 huzen. Sûnt 2015 is it foar wenningferkeapers ferplicht om in enerzjylabel te oerlizzen.

Trefwurden: 
wenning hûs enerzjy sunich
(advertinsje)
(advertinsje)