Bernekonferinsje yn Snits: wat fine bern wichtich yn de gemeente?

24 jan 2020 - 07:00

Goed fiifhûndert bern yn de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe de ôfrûne tiid meidien oan in ûndersyk nei wat sy belangrike tema's fine. De útkomsten fan dit ûndersyk wurde freed besprutsen op de Bernekonferinsje yn Snits.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Organisatoaren binne de gemeente Súdwest-Fryslân en stichting De Kleine Ambassade. "Wij hebben allerlei vragen gesteld in het onderzoek", fertelt Friede Berendsen fan de stichting.

"Het ging over dingen die kinderen tegenkomen in het dagelijks leven. Wat zijn hun hobby's? Houden ze van sport, of juist van cultuur? Zouden ze graag betrokken worden bij hun omgeving? Op dat soort vragen kwamen veel interessante antwoorden, dus daar gaan we vandaag over in gesprek."

Ien fan de útkomsten fan it ûndersyk, ûnder bern fan groep sân en acht, is dat in soad bern harren al maatskiplik ynsette. "Dat gaat om meer dan de helft", neffens Berendsen. "Dat is dan op school, of op de sportvereniging."

Bernekonferinsje

Der komme freed sa'n sechstich bern nei de Bernekonferinsje yn Snits. "Zij gaan vandaag proberen om van Súdwest-Fryslân een fijnere gemeente voor de kinderen te maken. Ze gaan een plan maken en presenteren dat plan later vandaag in de raadzaal, voor de wethouder en de burgemeester."

Friede Berendsen fan De Kleine Ambassade yn Fryslân fan 'e moarn

Trefwurden: 
Snits bern Bernekonferinsje
(advertinsje)
(advertinsje)