Jouke de Vries oer beskieden tal studinten Ljouwert: "Kwaliteit belangriker as kwantiteit"

23 jan 2020 - 22:52

It giet by de jonge Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins net om it oantal studinten, mar om de kwaliteit. Dat sei bestjoersfoarsitter Jouke de Vries fan de Ryksuniversiteit Grins tongersdeitejûn op de jierlikse Epo van Doumalêzing yn de doarpstsjerke fan Huzum.

Jouke de Vries oan it wurd yn de Huzumer doarpstsjerke - Foto: Omrop Fryslân

De Vries reagearre op krityk út de Fryske polityk op de noch beskieden oantallen studinten yn it ferline jier iepene Ljouwerter beursgebou. De Vries wol sels ek graach mear studinten yn Ljouwert, mar dat hat neffens him foaral tiid nedich. "We binne op de goeie wei. De bacheloroplieding is no al útroppen ta ien fan de bêste fan it lân. As der no noch in twadde bacheloroplieding bykomt, bygelyks op it mêd fan Data Science, dan komt it goed."

Tsjinwicht

De Vries is sûnt syn beneaming as bestjoersfoarsitter dwaande om de Ryksuniversiteit Grins te profilearjen as de 'Universiteit van het Noorden', as tsjinwicht foar de ynternasjonalisearring. Lykas it hbo-ûnderwiis moat ek de universiteit, mear as yn it ferline, de gearwurking sykje mei de regio en it regionale bedriuwslibben. De Vries sjocht de takomst fan syn universiteit foaral as ûnderdiel fan in noardlik netwurk, dêr't er mei klam ek it noarden fan Dútslân by belûke wol. By dy fyzje fan de Universiteit van het Noorden past ek in 'gedifferentieerde groei' yn Ljouwert, sa seit De Vries.

Bettere gearwurking

By in goeie gearwurking tusken universiteit, hegeskoallen en it bedriuwslibben kin dy universiteit fan it Noarden op termyn wolris like nijsgjirrich en wichtich wurde as de saneamde 'Brainport Eindhoven' om de Technyske Universiteit hinne yn Brabân. Betingst dêrby is wol dat oerheden, universiteit en hegeskoallen better gearwurkje en dat ek de lobby fan it Noarden yn Den Haag better wurdt. "Yn Den Haag en Brussel is no ûnfoldwaande bekend dat der yn it Noarden in netwurk fan kennisynstellingen is, mei in dúdlike ynnovaasjeaginda."

De Huzumer doarpstsjerke - Foto: Omrop Fryslân

De ûntjouwingen yn de âlde akademystêd Frjentsjer neamde De Vries 'tige nijsgjirrich'. "Mei it iepenjen fan de histoaryske Botniastins wurdt op 5 febrewaris de skande fan Napeleon - dy't de universiteit yn 1811 sleat - útwiske. Frjentsjer is histoarysk en kultureel fan grut belang neffens De Vries.

De Huzumer doarpstsjerke hie De Vries nûge om de jierlikse Epo van Doumalêzing yn de tsjerke te fersoargjen. Epo van Douma wie in Huzumer edelman yn de 16de iuw. Hy moast fanwegen it leauwen flechtsje nei Emden yn East-Fryslân en skonk letter de Huzumer tsjerke de twa klokken dy't dêr noch altyd hingje.

Beharkje ús reportaazje oer de Epo van Doumalêzing

(advertinsje)
(advertinsje)