Reade kaart foar Groenewoud, Kamminga no winner op Weissensee

23 jan 2020 - 22:29

Reedrydster Marijke Groenewoud is dochs net winner wurden fan de Aart Koopmans Memorial op de Weissensee. Sy hat in saneamde reade kaart krigen en is út de útslach skrast. De winst giet dêrtroch nei Manon Kamminga.

Foto: Tims Imaging

Groenewoud krige yn de wedstriid help fan Carien Kleibeuker, mar dat is tsjin de regels. De sjuery hat dêrom besletten de reedrydster út Hallum út de útslach te skrassen.

De winst is dêrtroch foar Manon Kamminga fan Haulerwyk, Aggie Walsma skoot troch nei it twadde plak. Lisa van der Geest is de nije nûmer trije.

Yn protest

Coach Jillert Anema fan Carien Kleibeuker (Royal A-ware) hat witte litten dat er yn protest giet tsjin de reade kaart. Hy achtet de kâns grut dat ek it team fan Groenewoud (ZiuZ, susterploech fan Royal A-ware) protest oantekenje sil. "It is in 'belachelijke' beslissing", seit Anema. "Hjir geane we net mei akkoart."

Marijke Groenewoud moast it berjocht oer har reade kaart lêze fia in parseberjocht, noch foardat se der sels melding fan krige.

(advertinsje)
(advertinsje)