Liander slút rekôrtal sinnepanielen oan yn 2019

23 jan 2020 - 22:26

Netbehearder Liander hat yn 2019 in rekôrtal sinnepanielen oansluten yn Fryslân. It oantal is it ôfrûne jier ferdûbele yn fergeliking mei 2018. Dat komt ûnder oare omdat der hieltyd mear sinneparken yn it Noarden oanlein wurde, want hjir is de grûn goedkeap. Probleem is lykwols dat der hieltyd minder kapasiteit is op it stroomnet, om de enerzjy kwyt te kinnen.

Foto: Omrop Fryslan

Neffens wurdfierder Peter Hofland fan Liander kinne de sinnepanielen dy't der no lizze, stroom opwekje foar sa'n 115.000 Fryske húshâldens. "Dat varieert dan van zonnepanelen bij particulieren op het dak tot grote boerenbedrijven die zonnepanelen op hun dak leggen. Maar ook de commerciële zonneweiden, die zitten overal in Fryslân."

Yn Easterwâlde wurdt ien fan de grutste parken fan Nederlân oanlein, fan 50 megawatt en ûngefear 50 hektare grut. "Dat betekent dat de partijen die daar ook iets willen, moeten wachten totdat het elektriciteitsnet is uitgebreid", seit Hofland.

De kabels fan it stroomnet yn it Noarden binne tin, omdat it om tinbefolke gebieten giet. By de oanlis is gjin rekken hâlden mei it oanbod fan safolle sinnestroom. Der moatte no nije kabels oanlein wurde en dat kostet tiid. Wa't in sinnepark oanlizze wol, moat dêrom earst by in netbehearder kontrolearje hokker gebieten noch foldwaande kapasiteit op it net ha om de sinnestroom werom te leverjen.

Peter Hofland, wurdfierder fan Liander

(advertinsje)
(advertinsje)