CO2-útstjit kompensearje yn de feangreiden? Dat kin aanst yn Fryslân

24 jan 2020 - 06:36

Friezen kinne op koarte termyn harren CO2-útstjit kompensearje yn de eigen provinsje. It ôfkeapjen fan CO2-útstjit op himsels is net nij. It kin meastentiids no ek al as je bygelyks mei in fleantúch reizgje of nei in Waadeilân. Dêrby giet it jild meastentiids nei in projekt yn it bûtenlân en net nei Fryslân, mar dat feroaret no.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Der komme ynkoarten goedkarde sertifikaten op de merk dy't dêrfoar te brûken binne. Boeren yn feangreidegebieten krije dy sertifikaten as sy de grûnwetterstân op in heger peil sette. Dêrtroch komt der minder CO2 frij út it fean en dat hat geunstige effekten op de natuer. Minsken kinne dy sertifikaten dan keapje om de CO2-útstjit te kompensearjen.

Sa krijt de boer betelle foar it ferheegjen fan it wetterpeil en kompensearre foar de legere opbringst op it wat wietere lân. Dizze konstruksje kin de boer 400 oant 700 euro de bunder opsmite. It inisjatyf is tongersdeitemiddei bekend makke op de nijjiersbuorrel fan de Friese Milieu Federatie yn Ljouwert.

Klimaatferoaringen

De hege CO2-útstjit is in wichtige oarsaak foar de klimaatferoaringen yn de wrâld. De saneamde koalstofsertifikaten wurde oanbean op in frijwillige koalstofmerk en der is no al in soad flecht op 'e koai, sa lit de miljeufederaasje witte. Der komme yn totaal fiif fan dy regionale merken: yn Noard-Hollân, Súd Hollân, Fryslân, Oerisel en Utert. Uteinlik soe hjirtroch ek in nasjonale koalstofmerk ûntstean kinne.

Gebietsprojekten

Yn it klimaatakkoart stiet dat der yn 2030 ien megaton CO2 besparre wurde moat yn it feangreidegebiet. Dat stiet gelyk oan de útstjit fan 2 miljoen auto's. Neist it opsetten fan regionale koalstofmerken wol de federaasje ek noch tsien gebietsprojekten opsette yn de feangreiden om dy te behâlden.

Monique Plantinga fan de Fryske Miljeu Federaasje

(advertinsje)
(advertinsje)