Ald-foarsitter Partij voor de Dieren Sebastiaan Wolswinkel net wolkom op partijkongres

23 jan 2020 - 21:07

Ald-foarsitter fan de Partij voor de Dieren Sebastiaan Wolswinkel fan Aldeberkeap is net wolkom op it partijkongres fan syn partij. Wolswinkel waard ferline jier royearre. Dat beslút sil yn it kongres fan kommende snein besprutsen wurde.

Sebastiaan Wolswinkel - Foto: Nieuwsuur

In tal leden woe mei in moasje ôftwinge dat Wolswinkel op it kongres wêze koe, mar it bestjoer fan de partij lit dy moasje net yn stimming bringe.

Neffens kopstikken fan de partij soe Wolswinkel de partij skea dien ha, doe't hy by it telefyzjeprogramma Nieuwsuur sei dat hy mear diskusje oer de koers fan de partij ha woe. Ek soe hy bestjoersbesluten neist him del lein ha.

(advertinsje)
(advertinsje)