Ferswakke goes mei fisktried om de poaten út Opsterlânske Kompanjonsfeart rêden

De brânwacht is tongersdeitemiddei by Terwispel it wetter yn gien om in ferswakke goes mei fisktried om de poaten en it liif te rêden. De fûgel hie neffens omwenners al in wike as acht lêst fan de tried en is yn dy tiid hieltyd siker en swakker wurden.
De brânwacht fan Jobbegea gie te wetter om de sike goes op te heljen © Mellisa Hazenoot, biste-ambulânse Súdeast-Fryslân
Twa minsken fan de brânwacht út Jobbegea giene by de Spaltenbrêge it kâlde wetter yn om de fûgel te fangen en oer te dragen oan de minsken fan de diere-ambulânse Súdeast-Fryslân. Sy brochten de ferwûne fûgel nei opfangsintrum De Fûgelhelling yn Oerterp.
Behearder Hetty Sinnema jout it bist in goeie kâns om te oerlibjen. "Mei foldwaande rêst en geregeld iten jou ik dizze fûgel seker 75 prosint kâns." De goes waard ûnderbrocht yn it bassin binnendoar en makke dêr gelyk it nedige leven. Sûnder froast belibbet De Fûgelhelling in relatyf kalme winter, mar dochs wurde der alle dagen bisten brocht troch de ferskate diere-ambulânsen.
De goes waard nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht © Omrop Fryslân
It fûgelopfangsintrum is mei mear as 10.000 opfongen bisten yn it jier ien fan de gruttere fan Nederlân. In profesjonalisearringsslach moat de foarsjenning ek foar de langere termyn feilich stelle. Sinnema hopet dat op termyn mear gemeenten ree binne om in strukturele bydrage te beteljen oan it sintrum.
De behearder is tige te sprekken oer de gearwurking mei de gemeente Grins. Dy hat alle jierren in struktureel budzjet foar bistewolwêzen. In part fan dat jild giet nei De Fûgelhelling foar it opheinen fan wylde bisten. "Dêr hoecht echt net de haadpriis foar betelle te wurden", seit Sinnema. "Mei 50 sinten oant in euro de ynwenner binne je al in hiel ein."
Se konstatearret dat gemeenten yn Grinslân foaroprinne mei it struktureel regeljen fan de opfang fan wylde bisten en hopet dat Fryske gemeenten dit foarbyld folgje sille.
Bernadet Hendriks fan de diere-ambulânse en Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling