FIDEO: Bern binne baas foar ien dei by Fryske bedriuwen

23 jan 2020 - 20:49

Foar ien dei boargemaster fan Ljouwert wêze of kommandant fan de fleanbasis, foar 23 bern út Fryslân kaam dy dream út. Sy wiene tongersdei foar ien dei de baas fan in bedriuw.

De bern út wenwiken mei in sosjaalekonomyske efterstân waarden moarns betiid ophelle troch de échte bazen en krigen harren taken offisjeel oerdroegen. Ek Omrop Fryslân die mei oan it inisjatyf 'Baas van Morgen' en krige twa nije bazen: Amber en Ryan. Sy namen de hiele dei de taken oer fan haadredakteur Ingrid Spijkers.

Yn Fryslân diene 23 direkteuren, politisy en haadredakteuren mei, lanlik lei dat oantal op 317. Nea earder stelden safolle bazen harren funksje beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)