Fraksjefoarsitter fan VVD Ljouwert stapt op: "Jong talent de ruimte geven"

24 jan 2020 - 08:27

De fraksjefoarsitter fan de VVD yn Ljouwert, Serge Hollander, hâldt dermei op. Hy fynt dat er op 'e tiid romte meitsje moat foar syn opfolger Marcel Visser. Hollander bliuwt oant de ferkiezings yn 2022 lid fan de fraksje.

Serge Hollander - Foto: Omrop Fryslân

Hollander stapt oan de ein fan dizze riedsperioade út de polityk. Dan hat er trije terminen as riedslid folmakke. Hollander fynt dat je dan opstappe moatte. Om syn opfolger de tiid te jaan him yn te wurkjen as fraksjefoarsitter jout er no it stokje al oer.

Hollander: "Je moet jong talent de ruimte geven. Nu heb je de tijd om je goed in te werken en dan stevig in je schoenen te staan bij de volgende verkiezingen."

Visser opfolger

Marcel Visser is unanym keazen troch de fraksjeleden. Hy is wiis mei de nije funksje: "Ik heb eerder al aangegeven deze functie te ambiëren. Ik ben blij dat ik de kans krijg." Visser is dwaande oan syn earste riedsperioade. Earder wurke er as fraksje-assistint.

Serge Hollander yn Fryslân fan 'e moarn

(advertinsje)
(advertinsje)