Wrâldstjerren oanwêzich by earbetoan oan Rutger Hauer yn Beetstersweach

23 jan 2020 - 18:32

Freonen en famylje ha tongersdeitemiddei by in yntime betinking it wurk en it libben fan de yn july ferstoarne akteur Rutger Hauer fierd. Dat wie yn Hauer syn wenplak Beetstersweach, op de dei dat er oars syn 76ste jierdei fierd hawwe soe. Der wiene 120 gasten oanwêzich, ûnder wa Hollywood-stjerren as Sharon Stone en Miranda Richardson.

Rutger Hauer - Foto: ANP

Fierders wiene der Nederlânkse filmpromininten sa as Monique van de Ven, René Mioch, Reinout Scholten van Aschat, Rolf Dekens en Diederik van Rooijen. De Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok, boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân en ek prins Pieter-Christiaan van Vollenhoven wiene oanwêzich.

De betinkingstsjinst stie ûnder lieding fan Beau van Erven Dorens. Optredens wienen der fan ûnder oaren Freek de Jonge, pianist Reinout Douma en in kwintet fan de Koninklijke Marinierskapel dy't de muzyk fan de hitsearje Floris en de ikoanyske film Soldaat van Oranje spile.

Yn taspraken waard net allinnich it ymposante oeuvre fan Hauer betocht, mar ek syn ynset foar jonge filmmakkers mei syn Film Factory. Dêr organisearre hy fyftjin jier lang workshops en masterclasses. Hauer waard ek priizge om syn ynset foar goede doelen as de Starfish Foundation en it Reade Krús.

Rutger Hauer Award

Ferline wike waard de earste Rutger Hauer Award útrikt oan regisseur Paul Verhoeven. Dizze priis sil alle jierren takend wurde oan in persoan of ynstelling dy't in belangrike ynspiraasjeboarne is foar jonge filmmakkers. Hauer en Verhoeven ha fiif kear gearwurke oan ûnder oare Floris, Soldaat van Oranje en Turks Fruit.

(advertinsje)
(advertinsje)