Horror en spanning yn nije Omrop-podcast Bonkerak

Omrop Fryslân komt mei in nije podcastsearje: Bonkerak. Fan freed 24 jannewaris ôf wurdt alle wiken in ôflevering publisearre. Bonkerak is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. It binne allegear spannende, horrorachtige ferhalen.
© Omrop Fryslân
De searje set útein mei in Frysk folksferhaal: 'It bonkerak yn de Herberch', oer in Drachtster timmerman dy't konfrontearre wurdt mei in spûk. Der binne ek ferhalen dy't spylje yn de Skotske Heechlannen, Ierlân, Frankryk en Amearika.
Podcastmakker Geartsje de Vries is tige bliid mei de searje: "Folksferhalen binne poer geskikt om der harkspullen fan te meitsjen. Der binne moaie dialogen oan taheakke en as makker koe ik my hielendal útlibje yn de lûden dy't der by set binne. It wie wol in útdaging om bygelyks in spûk prate te litten. Want hoe praat in spûk? Tegearre mei de audiotechnikus ha ik dat besocht te ferbyldzjen troch in effekt op de stim te setten."

Skoalradio

Bonkerak is fan 2001 oant 2008 útstjoerd as skoalradiorige foar de heechste groepen fan de basisskoalle. "Ik ha it altyd skande fûn dat sa'n moaie searje mar sa'n beheind publyk berikt hat en ik rûn al langer mei it idee om de searje ek op ien of oare wize oan folwoeksenen oan te bieden. It is in podcastrige wurden en dêr bin ik ôfgryslik bliid mei", sa seit De Vries.
Geartsje de Vries oer de nije podcastrige Bonkerak
Fan 24 jannewaris ôf komt der wykliks in ôflevering fan Bonkerak online. De podcast is te beharkjen fia Omropfryslan.nl/podcasts, de Omrop-app, Spotify en de oare bekende Podcastapps.