Fan bankmeiwurker nei makeler mei help fan Europeesk jild

In oare karriêre meitsje yn krisistiid is net foar elkenien maklik. Seker net as it moat omdat in goede baan by de bank komt te ferfallen. Foar âld-bankmeiwurker Yvette Westerhof wie it realiteit, al hie se it wol oankommen sjoen.
Fan bankmeiwurker nei makeler
Op in fakânsjepark yn Tsjummearum lit Yvette oan twa potinsjele keapers sjen hoe't it hûske dat se op it each hawwe derút sjocht. Yvette is no makeler en eigener fan Westerhof Makelaardij. "Je kunt wel denken: Wat erg, ik ben boventallig, maar je krijgt een kans en dus die moet je gewoon pakken. Nu ben ik makelaar."
Westerhof wurke by in bank yn Grinslân. Doe't se mei kreamferlof gie, hie se al it gefoel dat in sanearring deroan siet te kommen. En dat wie ek sa. Yvette kaam thús te sitten. Mei help fan in loopbaancoach fynt se út dat it fak makeler by har passe soe.
Je kunt wel denken: Wat erg, ik ben boventallig. Maar je krijgt een kans, dus die moet je gewoon pakken. Nu ben ik makelaar.
Yvette Westerhof
© Omrop Fryslân
Gouden ketting
"Bij de bank, zeggen we wel, zit je aan een gouden ketting. Veel mensen willen wel wat anders. Het is een goede werkgever, goed salaris en dat moet je dan opgeven", seit Yvette Westerhof.
Mar neffens har is de situaasje net útsichtleas. Se hat it goed hân by de bank en der wie ek in potsje foar har om in oplieding te dwaan. Mar om allround makeler te wêzen, is it wichtich om ek taksaasjewurk dwaan te kinnen. De oplieding ta taksateur is djoer. Omlearen kostet jild dat net elkenien op it kleed lizze kin.
"Dan ga je wel kijken naar een andere variant en doe je er wat langer over, maar dan had ik nu nog niet mijn diploma gehad. Dat weet ik zeker van niet. " Troch it Europeeske fûns wie it no foar Yvette wol mooglik om de djoere oplieding te dwaan.