Seksueel misbrûk ferwurkje mei dûnsjen

23 jan 2020 - 16:07

Hoe ferwurkest in trauma troch seksueel misbrûk? Zahira Lieneke Mous docht dat mei dûns. De Fryske koreografe is in pear jier lyn seksueel misbrûkt troch in Braziliaanske wûnderdokter. De Friezinne hat it misbrûkskandaal oan it rôljen brocht. Dêrnei melden hûnderten oare froulju harren.

Dizze wike waard bekend dat de man tsientallen jierren de sel yn moat. Mous is yntusken dwaande mei har traumaferwurking. Se socht dat ûnder oare mei har dûnsfoarstelling Reclaiming the Goddess, dy't tongersdeitejûn te sjen yn De Lawei yn Drachten.

"It trauma is mei it lichem bard. Dat docht in hiel soad mei dy, emojoneel en mentaal. It sit yn dyn senuwsysteem en dat moatst loslitte", sa fertelt Mous. "En mei dûns kinst it loslitte." Mous hat it posttraumatysk stresssyndroom oprûn, mar hat dêr sûnt septimber lêstlyn gjin lêst mear fan. "Ik identifisearje my net mear mei de enerzjy fan it slachtofferwêzen, al sil it altyd in rol spylje yn myn libben. Ik wit net oft it ea oergiet."

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de reportaazje oer Zahira Lieneke Mous

(advertinsje)
(advertinsje)