HEA! Kadaverkeunst fan Herre Monsma

23 jan 2020 - 16:04

Sa'n tritich jier ferlyn is it begûn foar Herre Monsma fan Boalsert. Hy fûn in platriden kikkert. Herre hat him meinommen, besjoen en hy rekke fassinearre. Hy fûn it moai hoe't it bist opdrûge wie. Geandewei hat hy sels kadavers socht, drûgje litten en der keunst fan makke. Herre: "Salang't it in kadaver is, is it aaklik en goar, mar as je it ynelkoar sette komt it wer wat ta libben". Herre jout de dea wer in siel.

(advertinsje)
(advertinsje)