Twivels by Henk de Jong oer opstelling Cambuur

23 jan 2020 - 14:33

It is noch net dúdlik mei hokker alve spilers SC Cambuur freed spylje sil tsjin Jong FC Utrecht. Trainer Henk de Jong moat de puzel noch lizze. Yn ferliking mei ferline wike komt Robin Maulun werom yn de seleksje fan de Ljouwerters. Se sille harren revansearje wolle foar de lêste twa wedstriden dy't de ploech ferlear.

De weromkear fan Maulun soe betsjutte kinne dat Ragnar Oratmangoen wer op de bank sit, mar dêr koe De Jong tongersdei noch neat oer sizze. "Der binne in pear fraachtekens. Dat moat ik oerlizze. Dan fertel ik it de jonges. Ik moat noch sjen hoe't it derfoar stiet."

Troch de nederlagen tsjin FC Volendam en TOP Oss is Cambuur de kopposysje kwytrekke oan Jong Ajax. Dat makket de ferliespartijen noch soerder. "We wolle freed mar ien ding en dat is dy wedstriid winne. Dat is net oars as oars. Foarige wike wie in bizarre jûn. Dat meitsje je net faak mei. Dat docht wol sear, want it wie totaal ûnnedich."

De Jong sjocht net op fan de dip wêryn't syn team sit: "Elke ploech krijt te meitsjen mei dizze faze. Dus ek it gewoane ploechje SC Cambuur. Neffens my rekket der gjinien yn de war."

Foto: Orange Pictures

Hy rint mei de hiele ploech, de supporters en de klup op de nekke.

Henk de Jong oer spits Robert Mühren

Missende Mühren

De trainer wol syn spits derút ljochtsje. Robert Mühren skoarde tsjin TOP Oss ien kear, mar hy miste ek kâns op kâns. Dat hat him wol dwerssitten, neffens de Drachtster. "Robert hat der twa dagen lêst fan hân. Hy rint mei de hiele ploech, de supporters en de klup op de nekke. Hy wol it sa goed dwaan en dêr docht er alles oan. Mar, hy mist de kânsen en dat heart soms by in spits."

Transfers

De transferperiode is noch iepen oant en mei nije wike freed. Dúdlik is dat Cambuur der noch in rjochterferdigener by hawwe wol. Dat spilet noch altyd, neffens Henk de Jong. "We binne drok dwaande. Faak binne der mear nûmers 10's as goede rjochtsbacks te finen. Mar je moatte wol goede dingen dwaan en gjin jild weismite, want dat is skande fan it jild."

De mei 3-2 ferlerne wedstriid tsjin TOP Oss is goed evaluearre by de Ljouwerters, sa fertelt oanfierder Erik Schouten. "We hebben in twee groepen gezeten, aanvallers en verdedigers apart. Er is wel wat over gezegd, natuurlijk. We hebben heel veel kansen gecreëerd, maar het moet niet zo zijn dat je vier keer moet scoren om een wedstrijd te winnen. We voetballen gewoon goed en creëren genoeg kansen."

Hurde wurden binne der lykwols net fallen. "Dat viel eigenlijk wel mee. We zijn wel duidelijk naar elkaar en erkennen de fouten, maar er gaat niet heel veel fout. Drie spelhervattingen en drie keer is het raak." Twa kear skoarde de man fan Schouten en dat lûkt er himsels ek oan.

Mensen proberen je een crisis in te praten.

Oanfierder Erik Schouten

Nettsjinsteande de twa nederlagen binne der totaal gjin soargen by Schouten: "Mensen proberen je een crisis in te praten of slecht te laten voetballen, maar wij weten dat we helemaal niet slecht voetballen. We moeten gewoon weer gaan scoren en zelf minder weggeven. Dat is het doel voor vrijdag."

Dat wurdt noch lestich genôch, want tsjinstanner Jong FC Utrecht docht it aardich en stiet alfde. Yn de earste seizoenshelte spile Cambuur dêr mei 1-1 lyk. "Het is een stugge ploeg, vooral thuis. Wij gaan uit van eigen kracht en ik hoop dat we weer net zoveel kansen creëren als tegen Oss, dan denk ik dat het goed moet komen", sei oanfierder Schouten.

It duel tusken SC Cambuur en Jong FC Utrecht is freedtejûn live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuurstadion wei. It ekstra sportprogramma set om 20.00 oere útein.

(advertinsje)
(advertinsje)