Soad donaasjes foar oplichte bernebuorkerij: "Ien frou hat 10.000 euro oermakke!"

Auke de Jong fan bernebuorkerij Jongia State yn Bears waard slachtoffer fan oplichting. Hy hie sinnepanielen besteld foar in flink bedrach, mar hy krige se net. Syn bernebuorkerij hie dêr finansjeel bot ûnder te lijen. Mar it ferhaal krige noch in sturtsje...
Auke Bernebuorkerij
"Ik hie sinnepanielen besteld, dy't binnen fjouwer wiken levere wurde soene. Ik hie 15.000 euro liend en dat jild netsjes oermakke, mar der kamen gjin sinnepanielen", leit Auke út.
Auke die syn ferhaal yn it telefyzjeprogramma Opgelicht. En dat levere him nochal wat reaksjes op. "Der kamen safolle reaksjes fan minsken dy't jild donearje woene. Minsken belje my op, se fine my fia Facebook, se besykje myn webside."

"Ik gniis wer wat"

In freon advisearre Auke om syn rekkennûmer op syn kontaktsiden te setten. En no streamt it jild binnen. "Ik ha in hiel ferfelende tiid hân, mar ik laitsje no wer wat, want ik tink dat ik dy 15.000 euro aansen yn ien kear wer ôflosse kin."
Guon minsken jouwe Auke in tientsje of tweintich euro. Mar der binne ek minsken dy't 500 euro oermeitsje. "Der wie sels in frou dy't fia Opgelicht kontakt opnaam en nei myn banknûmer frege. Sy hat hjir ek del west. Se hat 10.000 euro oermakke!"
Minsken helpe my ek mei guod. Se jouwe my dan hea en kûle. "De skuld is aansten fuort en dan kin ik wer sjen hoe't it fierder komt."
© Google Street View
Ferslachjouwer Arjen de Boer wie by Auke de Jong yn Bears