Part fan tribune Abe Lenstrastadion ûntromme by bekerduel tsjin Willem II

By it bekerduel tusken SC Hearrenfean en Willem II is in part fan de tribune fan it Abe Lenstrastadion ûntromme. In aluminium frame fan in reklameboerd is sân meter nei ûnderen fallen. Gjinien rekke dêrby ferwûne. It barde yn fak 30, rjochts neist de súdtribune. Wol wie der in grutte knal te hearren yn it stadion.
Part fan reklameboerd falt nei ûnderen

Untromming

It reklameboerd hong foar ien fan de sakelôzjes op de twadde ring. It aluminium frame is sa'n trije meter lang en foel krekt njonken minsken dy't nei de bekerwedstriid sieten te sjen. Stewards hawwe dêrop besletten it fak te ûntromjen. Feilichheidspersoaniel fan SC Hearrenfean kaam nei de sakelôzje ta om in oar frame fan in reklameboerd ek fuort te heljen.
Neffens wurdfierder Marco Heerschop fan de klup rekke gjinien ferwûne by it ynsidint. "Het mag natuurlijk nooit gebeuren, maar we zijn blij dat er niemand gewond is geraakt. Uit voorzorg vroegen stewards aan mensen in het vak onder de zakenloge om op een andere plek te gaan zitten."
By de stuollen leit it aluminium frame dat ûnderen kaam © Omrop Fryslân

Gjin problemen wedstriid AZ

De technyske tsjinst hat de konstruksje yntusken wer fêstmakke. Foar de thúswedstriid tsjin AZ wurde gjin problemen ferwachte. Neffens SC Hearrenfean gie it om de railing wêrmei't in reklameboerd fêstsit.
"Er zijn veel inspecties in ons stadion en periodieke controles. Helemaal nadat het dak van het stadion van AZ instortte", sa lit wurdfierder Heerschop witte.
Hoe't it kin dat it aluminium frame losrekke is, wit de klup net hielendal. "Mogelijk dat iemand er tegenaan getrapt heeft", seit Heerschop.