Marijke Groenewoud fan Hallum wint AKM op Weissensee

Marijke Groenewoud fan Hallum hat op de Weissensee yn Eastenryk de Aart Koopmans Memorial wûn. De 20-jierrige rydster fan ZuiZ wie nei 60 kilometer Manon Kamminga fan Haulerwyk te rap ôf yn de sprint. Aggie Walsma fan Boalsert waard tredde.
REPO Marijke Groenewoud wint op 'e Weissensee
Groenewoud koe yn it lêste rûntsje ôfwachtsje hoe't Carien Kleibeuker fan it gearwurkjende Royal A-ware it peloton werombrocht nei de trije koprinners Jade van der Molen, Pien Keulstra en Merel Bosma. Dêrnei koe Groenewoud yn de sprint Kamminga en Walsma ôftroevje.
"Ik wist gewoon dat ik achter Manon zitten moest, want zij was de sterkste sprinter", seit Groenewoud. "Daar kwam ik te zitten en zij ging al redelijk vroeg. Ik dacht, ik moet er gewoon omheen gaan en op zich komt de finish dan ook best wel snel naar je toe."
Aggie Walsma, Marijke Groenewoud en Manon Kamminga © Tims Imaging