Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder oerlibbet moasje fan wantrouwen

De Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder hat in moasje fan wantrouwen fan opposysjepartijen Gemeentebelangen Leeuwarden, ChristenUnie, VVD, Lijst058 en de FNP oerlibbe. De partijen binne net tefreden oer Van Gelder syn hanneljen yn it WMO-dossier. De moasje helle it net mei 11 foarstimmen en 26 tsjin.
Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder oerlibbet moasje fan wantrouwen
Wethâlder Herwil van Gelder oer de krityk op him
Al jierren binne der tekoarten yn de Ljouwerter soarch. Om dy op te lossen, woe it nije kolleezje de soarch oars ynrjochtsje. Yn desimber 2018 sneuvele ferantwurdlik wethâlder Herwil van Gelder hast doe't it him net slagge de ried te oertsjûgjen. Hy krige in lêste kâns om yn oparbeidzjen mei tal fan soarchorganisaasjes in nij plan te meitsjen. Mar dat is net slagge. Dizze wike heakken fjouwer soarchoanbieders ôf by de oanbesteging.
© Omrop Fryslân

Incluzio

Neffens Van Gelder binne der op dit stuit twa partijen dy't it gat fan de ôfheakjende fjouwer organisaasjes folje kinne: Amaryllis en Incluzio. Incluzio kaam negatyf yn it nijs doe't it sjoernalistike platform Follow the Money en radioprogramma Reporter melden dat in soad klanten negative ûnderfinings hawwe mei de soarchferliener. It oanbod soe beheind wêze en klanten soene elk jier mear jild betelje moatte.
"Het is een enorme wijziging en dat gaat gepaard met zorgen. En op de vraag of dat goedkomt, hebben we volgens mij helder kunnen antwoorden: het is verantwoord om daarmee door te gaan", seit Van Gelder dêr sels oer.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Gemeentebelangen Leeuwarden, ChristenUnie, VVD, Lijst058 en de FNP hiene lykwols gjin fertrouwen mear yn Van Gelder. "Voor de transitie van het sociale domein heb je iemand nodig die kan verbinden, die draagvlak kan creëren, die met de partijen dat kan opzetten en kan zorgen dat er een nieuw stelsel komt waar mensen profijt hebben", seit Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen. "Maar die persoon is hij niet gebleken."
De moasje krige lykwols gjin stipe fan de PvdA, D66 en it CDA en waard mei 26 tsjin alve stimmen fersmiten.

Besoarge âlden

Der wiene woansdei ek besoarge âlden by de riedsgearkomste. Se fierden aksje tsjin de plannen fan de gemeente troch protestbuorden omheech te hâlden. Ek diene se in oprop om nei it Malieveld yn Den Haag te gean om massaal aksje te fieren.
Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen Leeuwarden