"Mear bedriuwen moatte iepenstean foar jongerein praktykûnderwiis"

23 jan 2020 - 11:11

"Jou dizze bern in kâns, want jo krije der in hiel soad foar werom". Dat seit reiddekker Feije Sikkema fan Tytsjerk. Syn bedriuw stiet iepen foar stazjêres út it praktykûnderwiis. Neffens him moatte mear bedriuwen dat dwaan.

Peter Herder rint sûnt sawat in jier staazje by it reiddekkersbedriuw fan Sikkema. "It giet hiel goed mei him. Hy hie even wat mear begelieding nedich yn it begjin. Wat mear útlis. Mar dizze jonge wol wol. Hy wol it graach leare. Hy soe hjir eins mar twa dagen yn de wike wêze, mar hy woe sels in ekstra dei."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by it reiddekken fan in pleats by Koarnjum

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Jantine Weidenaar praat mei stazjêr Peter Herder

Stazjêr Peter Herder har der dus op eigen fersyk in ekstra staazjedei by krige. "Ik woe wat mear leare en dêrom woe ik der in dei by dwaan. Dat fûn skoalle hielendal prima." De rest fan de tiid giet Peter nei skoalle, mar wat it er leafste docht, is wurkje op syn staazjeplak.

Sikkema fynt it wichtich dat bedriuwen iepenstean foar dit soarte fan jonges. Hy hat sels ek in dochter dy't nei it praktykûnderwiis giet. "Dizze jeugd moat it mei de hannen dwaan en fertsjinje. Mar dan moatte se harren wol tariede kinne op it wurkfjild."

Hy hat meardere jonges dizze kâns jûn yn it bedriuw. Sikkema hat in lyts bedriuw dêr't soks kin. "Yn dizze wrâld giet it ek om tiid en jild. Dat hat net elkenien."

Ik bin PRO

Yn Fryslân gean sa'n 1300 bern nei it praktykûnderwiis, it fuortset ûnderwiis foar bern dy't net nei it VMBO kinne omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de learlingen en it praktykûnderwiis bestean in soad foaroardielen. Dêrom hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de telefyzjesearje 'Ik bin PRO' makke. 'Ik bin PRO' is fan woansdei 22 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân. Presintator Raynaud Ritsma in tal learlingen yn it praktykûnderwiis. Ek it ferhaal fan de âlder, dosint, direkteur en wurkjouwer komt allegearre foarby.

(advertinsje)
(advertinsje)