Fryske studinteferiening yn Wageningen bestiet 90 jier

De Fryske studinteferiening fan Wageningen, it Wageningsk studinteselskip foar Fryske stúdzje (W.S.S.F.S.), fiert syn 18e lustrum. De feriening bestiet tongersdei op de kop ôf 90 jier. It wurdt it kommend wykein grut fierd.
© W.S.S.F.S.
Hillie van der Bij fan W.S.S.F.S.
"We hawwe de hiele wike al aktiviteiten en de rest fan it jier sille we ek wat dingen organisearje", fertelt Hillie van der Bij fan W.S.S.F.S. "En sneon is it grutte lustrumfeest." De dei sil sneon begjinne mei twa sprekkers en wurdt jûns ôfsletten mei live-muzyk fan it duo Weima & Van der Werf.
De feriening hat op dit stuit sa'n 50 leden. "Foarhinne hat dat ek wol oars west. Yn de jierren 90 hie de feriening sa'n 100 leden. Dêrnei hat it in dipke hân, mei 20 leden. Mar no lûkt it wer oan."

Minsken thús fiele litte

Wichtichste doel fan de feriening is om minsken thús fiele te litten as se studearje bûten Fryslân. "We fiele ús allegear ferbûn mei Fryslân en it is wol moai om dan mei ús allen gear te kommen. It is hiel gesellich en it skept in bân."
W.S.S.F.S. is net de iennichste Fryske studinteferiening fan Nederlân. Yn Grins sit Bernlef en yn Delft Aldgillis.