Kollum: "Twangneuroaze"

23 jan 2020 - 08:19

"'Reizen is inmiddels een collectieve dwangneurose.' Dat sei heechlearaar filosofy Ruud Welten fan de Erasmus Universiteit ôfrûne sneon yn De Volkskrant. Hy wurdt sitearre yn in stik oer hoe om te gean mei miljeubewustwêzen en fakânsje. Ik ha der de hiele wike al oer neitocht, om't dizze sin gearfettet wat de grutste paradoks fan dizze tiid is. Want we witte allegearre dat we de ierde nei de knoppen helpe, it is gjin nije ynformaasje, mar we wolle it net heare om't de konsekwinsjes ynteare op ús idee fan it moderne libben.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

We ha de smaak te pakken: yn 2009 ferwurke Amsterdam Schiphol Airport 43,5 miljoen passazjiers. Yn 2019 wiene dat der 71 miljoen, en de groei is der alles behalve út. Fryslân kin 'm ek klear meitsje foar de oanfleanrûtes fan Lelystêd. Yn 2018 wie de CO2-útstjit fan Nederlânske fakânsjes gelyk oan 11,5 prosint fan de totale ekonomy. Undersyksburo CE Delft hat útrekkene dat dizze útstjit yn 'e kommende tritich jier ferdûbelje sil.

Ik ha gjin ferstân fan fakânsje. Ik bin der net mei opgroeid en it sit net yn myn systeem. Ik ha byinoar in kear as tsien yn fleantugen sitten, wêrfan't ien kear trans-Atlantysk, of no ja, dat telt dus as twa kear, want je moatte ek werom. It wie mar ien kear retoer foar in fakânsje. En hoe fassinearjend ik fleanen, fleantugen en de hiele loftfeart ek fyn, ik hoech der sels net yn te sitten. As reis fyn ik fleanen ek in soarte fan falsk spyljen, om't je yn in aluminium buis sitten gean, in skoftke wachtsje en gjin idee ha wêr't je binne, om dêrnei út te stappen en op ûnbefetlike wize telâne kommen binne op in oare spot op ús ierdbol. In gefoel fan plak, of idee fan ôfstân is ûnmooglik. Dat is mei in treinreis al oars. Dus dat fleanen, dat hoecht fan my net sa.

Dêr stiet tsjinoer dat ik in oare gedachte net ûnderdrukke kin. Yn 2008 koest flink mear rinte barre op dyn sparjild, ast it oermakkest nei in Yslânske bank. Mear as hûnderttûzen Nederlanners diene dat. Ik die dat net, om't ik útsocht hie dat dy bank net ûnder it garânsjestelsel foel. Ried wat der barde? De bank gie fallyt. Minsken boas; skrinende ferhalen oer ferdwûne erfenissen yn 'e media. Mar de minister fan Finânsjes struts oer syn hert en fergoede de skea út belestingsinten, oant hûnderttûzen euro of sa, dêr wol ik ôf wêze, mar ûnder de streek stiet dat ik nea dy fiif prosint rinte hân ha, en dy omkoalen al, en sy ek nochris harren jild werom krigen ha. Opportunisme leannet, wie de les.

Dus wat dat oanbelanget soene je sizze kinne dat der net in better momint yn 'e skiednis is as no, om ris goed wat fleanfakânsjes te meitsjen. Ram dy tonnen mei CO2 der mar troch, no kin it noch. Want mei dat fleanen giet it fansels deselde kant op as mei it fjoerwurk: nei in perioade fan hedonistyske útspatting komt it deksel der op. Dus as ik no net gean, sjit ik mysels krekt gelyk yn myn eigen poat as fyftjin jier lyn mei Icesave.

Want it is hedonistysk. Tweintich prosint fan 'e flechten fan ôf Schiphol binne ienfâldich te ferfangen troch treinreizen. Der binne flechten nei Berlyn, Londen en sels Brussel, en dat slacht fansels hielendal nearne op. Dútslân hat treinreizen al goedkeaper makke. Der stiet wat te feroarjen, en terjochte. We fleane de ierde kapot, en we witte it al jierren. We geane nei plakken dy't we sels net oanwize kinne op in kaart, we fiere feest op plakken dêr't elkenien al feest fierd hat, we easkje dat se dêr in taal prate dy't we ferstean, dat se iten ha dat we earder hân ha, dat it hotel liket op dat fan ferline jier, en we betrêdzje plat walste paden om't ús wiis makke wurdt dat it in unike ûnderfining is. We meitsje in foto foar social media mar ha feitlik neat te fertellen. Ea wie reizgjen de universiteit fan it libben, mar de universiteit is kaapt en suksesfol feroare yn in lukrative twangneuroaze, opstookt mei kerosine.

Der is gjin fleanskamte, der is fleanlust. Schiphol en aanst Lelystêd streame al mar foller mei twangneurotyske lemmingen. Ik ha der dus gjin ferstân fan, mar sukses mei it útsykjen fan 'e fakânsje foar kommende simmer. Yslân skynt lekker waarm te wêzen tsjintwurdich."

(advertinsje)
(advertinsje)