Man út Bûtenpost (47) fêst foar hannel yn harddrugs

In 47-jierrige man fan Bûtenpost is foarige wike freed thús oanhâlden op fertinking fan hannel yn harddrugs. By it trochsykjen fan syn hûs waard amfetamine oantroffen.
© Plysje
Ut ûndersyk docht bliken dat de fertochte oer in langere perioade hannele yn harddrugs. Ofrûne moandei is de fertochte foarlaat by de rjochter-kommissaris. Dy hat de man 14 dagen langer fêstsetten.
It ûndersyk is noch yn folle gong. De plysje slút meardere oanhâldings net út.