Hearrenfean-keeper Warner Hahn: "We hebben heel snel onze rug gerecht"

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn nei in lange en fûle striid de kwartfinales fan it KNVB bekertoernoai berikt. Nei in ferlinging en strafskoppen yn it Abe Lenstrastadion waard it úteinlik 2-2 (4-3) foar de thúsploech.
Reaksjeartikel Johnny Jansen
De Feansters krigen yn de begjinfaze fan it duel net in soad kânsen. Pas nei in goed healoere waard Hearrenfean foar it earst gefaarlik. "Ik heb in de pauze wat ruzie gemaakt met de mannen. Ik vond het net wat te slap, net niet goed genoeg. Wij moeten echt vol gas geven met elkaar en spijkerhard knokken om resultaat te behalen. Dat hebben we de tweede helft veel beter gedaan", seit trainer Johnny Jansen.

Lulkens beleand

Jansen syn lulkens waard dan ek beleanne. "We hebben in de tweede helft ook gewoon kansen gecreëerd, om die overwinning binnen te halen. En zeker in de verlenging ook nog. Daar ben ik heel erg blij mee."
In kertier foar tiid kaam Hearrenfean mei 2-1 foar it earst yn de bekerwedstriid op foarsprong. It waard lykwols noch 2-2. "Dat mag gewoon niet. Die bal wordt ingebracht en die bal moet weggewerkt worden." Dochs wie Jansen tefreden. "We hebben heel veel dingen gewoon goed gedaan, maar het is balen dat dat gebeurt."
Reaksjeartikel
It spul fan keeper Warner Hahn wie oan de ein fan de wedstriid bepalend. Hy kearde de sânde penalty fan Willem II. "Voor het publiek zijn de penalty's misschien leuk, maar we hadden het wel eerder kunnen beslissen", seit Hahn.
De earste penalty fan de tsjinstanner gie oer it doel hinne. "Dat was gewoon een lekker begin voor ons. Dat geeft je toch een duwtje in de rug. Gelukkig kon ik belangrijk zijn door ook een penalty te pakken."

"Snel onze rug gerecht"

"De tweede helft hebben we het een en ander veranderd en toen liep het wel beter. Toen hadden we de overhand", fertelt Hahn. Mar doe kaam dochs noch de 2-2. "Op dat moment is dat zwaar klote, het was 10 minuten voor tijd. Maar we hebben heel snel onze rug gerecht. We zijn eigenlijk gewoon doorgegaan, ook in de verlenging. We hebben veel kansen gecreëerd."
"We wilden het echt in 120 minuten afronden. Dat is uiteindelijk niet gelukt, dus we hoopten een beetje op penalty's. Uiteindelijk zijn wij er als winnaar uitgekomen, dat is fijn."