107 ûntsleine Fryske bankmeiwurkers oan it wurk mei Europeesk jild

Goed trijekwart fan de ûntsleine bankmeiwurkers yn Fryslân, Drinte en Oerisel is wer oan de slach, mei tank oan in bydrage fan de Europeeske Uny en ûnder mear de provinsje Fryslân. De goed 350 bankmeiwurkers hawwe in nije baan. Bygelyks yn it ûnderwiis as dosint ekonomy of wiskunde, mar guon binne ek foar harsels begûn. Yn Fryslân binne fan de 155 ûntsleine bankmeiwurkers 107 wer oan it wurk.
Ien fan de 350 meiwurkers is Yvette Westerhof. Sy wurke al tsien jier by de Rabobank doe't har funksje yn 2016 ferfoel.
107 ûntsleine Fryske bankmeiwurkers oan it wurk mei Europeesk jild
De bankmeiwurkers ferlearen yn 2017 harren baan as gefolch fan de finansjele en ekonomyske krisis. Foar har waard in jildbedrach fan 1.192.500 euro út it Europeeske Globalisearringsfûn frijmakke. De stipe wie bedoeld foar it sykjen nei in nije baan, ûntslachbegelieding en oplieding. Fryslân lei, yn oparbeidzjen mei it UWV, private partners en twa oare provinsjes, ien miljoen euro op tafel, njonken goed 1,2 miljoen fan de EU.
© Omrop Fryslân
Njonken it sukses fan de regeling, binne der ek betinkingen oer it fûns. Ek by de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD. Hy freget him ôf oft dit jild wol troch Europa levere wurde moat, of dat Nederlân it net better sels regelje kin. "Wêrom moat dy bydrage út de EU komme en net út de Nederlânske begrutting? Wêrom is Nederlân dêr sels net ferantwurdlik foar? Wêrom moatte we earst jild nei Brussel ta bringe en even letter it jild wer nei Fryslân helje?"
Dat kin folle effisjinter neffens him. Dêrby is it in iepen fraach oft Den Haag dat wol dwaan soe. Den Haag bout sosjale regelingen, lykas de sektorjilden, just ôf.
Dochs stimde Huitema foar it fûns. Yn oktober 2018 sei hy dêroer: "Dat fûns is der no ienkear en wurdt elts jier folle mei 150 miljoen euro. It giet ek nei oare lidsteaten en as wy in oanfraach dogge, binne wy ek foar. Wy moatte ek pragmatysk bliuwe."

Suksesferhaal Europeesk-Nederlânske gearwurking

Net allinne de 350 bankmeiwurkers, mar ek noch tûzenen oare Nederlanners binne de ôfrûne jierren wer oan it wurk holpen mei tank oan it Globalisearringsfûns. Didier Herbert, haad fan de Fertsjintwurdiging fan de Europeeske Kommisje yn Nederlân yn Den Haag, fynt it Globalisearringsfûn dêrom in suksesferhaal wat Europeesk-Nederlânske gearwurking oanbelanget.
Herbert: "Sinds 2007 heeft Nederland 18 keer geld gekregen uit het fonds, voor in totaal ruim 9.000 werknemers uit 9 sectoren. Nederland staat op de tweede plaats in de EU wat betreft het aantal aanvragen. Bijna twee derde (64%) van de Nederlandse werklozen die gesteund werden door het Globaliseringsfonds, zijn opnieuw aan het werk gegaan. Daarmee doet Nederland het beter dan het Europese gemiddelde."
Neffens Herbert is dit te tankjen oan de goede gearwurking tusken alle belutsen aktoaren: de Kommisje en it Europeesk Parlemint, it ministearje fan Sosjale Saken, it UWV, de provinsjes en private partners.
© Omrop Fryslân
Op dit stuit wurdt yn Brussel ûnderhannele oer de begrutting foar de Europeeske Uny foar de kommende sân jier. It Globalisearringsfûns spilet dêryn in rol. De Europeeske Kommisje stelt 200 miljoen euro yn it jier foar. Dat is jierliks 50 miljoen mear yn it jier as no. Nederlân sjocht dat net sitten. Nei it ferlitten fan de Britten fan de Europeeske Uny moat it budzjet ferlege wurde, fynt Nederlân. By in lytsere Uny heart in lytser budzjet.
Ek wiist Nederlân yn Europa op de besteande partisipaasjewetjouwing dy't minsken oan it wurk helpt. Mar de besteande partisipaasjewetjouwing rjochtet him benammen op minsken yn de bystân en minder op de WW, seit de projektlieder fan it projekt oer de ûntsleine bankmeiwurker Peter Donders fan de gemeente Ljouwert, dy't it projekt lûkt. It foardiel fan it fûns fynt hy fierder dat elkenien berikt wurdt en dat elkenien krijt wat nedich is om wer oan it wurk te kommen.

Klimaattransysje en digitale transysje

De Europeeske Kommisje wol it fûns ynsette foar de nije ekonomyske realiteit, seit Didier Herbert. Neffens him giet Europa en de regio's twa transysjes troch: de klimaattransysje en de digitale transysje. "We willen vooral inzetten op automatisering en de transitie naar een digitale en duurzame economie. Ook willen we de aanvraagprocedure sneller en eenvoudiger maken." En dat lêste mei ek, want it Globalisearringsfûns hat strange oanfraach- en ferantwurdingsprosedueren.
Toine Manders, Europarlemintariër foar 50Plus is wiis dat de minsken wer in baan hawwe. De opstelling fan Den Haag steurt him. Hy fynt dat Nederlân net sa dreech dwaan moat. "Ik vind het eigenlijk schandelijk dat Nederland constant de zuinige Hollanders zijn. Wij worden als de aasgieren van Europa gezien. Nederland heeft eigenlijk veel baat bij de Europese economie. En daarom moeten ze eigenlijk niet flauw zijn, want daarmee zorgen ze er voor dat mensen in Friesland in de kou blijven staan."