Strafskoppen bringe Hearrenfean nei kwartfinales bekertoernoai

22 jan 2020 - 23:27

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn nei in lange en fûle striid de kwartfinales fan it KNVB bekertoernoai berikt. Nei in ferlinging en strafskoppen yn it Abe Lenstrastadion waard it úteinlik 2-2 (4-3) foar de thúsploech.

Foto: Orange Pictures

De Feansters krigen yn de begjinfaze fan it duel net in soad kânsen. Willem II blonk dêr ek net yn út, mar kaam yn de tweintichste minút wol op foarsprong. Vangelis Pavlidis fan de Tilburgers tikke de bal by de earste peal binnen: 0-1.

Pas nei in goed healoere waard Hearrenfean foar it earst gefaarlik. Jordy Bruijn stie frij foar it doel, mar skeat de bal heech oer it doel fan keeper Timon Wellenreuther. Krekt foar it skoft slagge deselde Bruijn der hast yn om lyk te meitsjen. Nei in goede solo rjochtte hy de bal lykwols te heech.

Lykmakker út strafskop

De lykmakker kaam rap nei it begjin fan de twadde helte. Bart Nieuwkoop fan Willem II begie in oertrêding op Chidera Ejuke, wêrnei't de skiedsrjochter nei de stip wiisde. Hicham Faik twivele net en mei syn treffer kaam Hearrenfean op likense hichte.

Foto: Orange Pictures

De Feansters moasten dêrnei wol by de les bliuwe. Dries Saddiki kaam yn de 59ste minút ticht by in doelpunt, mar seach Warner Hahn korrekt rêding bringe.

Foarsprong Hearrenfean

In kertier foar tiid kaam Hearrenfean foar it earst yn de bekerwedstriid op foarsprong. De 2-1 waard notearre as eigen doelpunt fan Saddiki, dy't de bal ûnder druk fan Ejuke yn de eigen goal tikke.

It feest by de Feansters duorre sa'n fiif minuten. Dêrnei soarge ynfaller Damil Dankerlui foar stilte yn it Abe Lenstrastadion. Hy kopte de bal út in foarset strak yn 'e hoeke fan it doel en liet keeper Hahn kânsleas: 2-2.

Dêrmei rûn de wedstriid út op in ferlinging. Kongolo skeat Hearrenfean krekt foar de ein hast noch nei de kwartfinales, mar de fingers fan keeper Wellenreuther koene de bal noch krekt oantikje.

Ferlinging

Hearrenfean waard as earste gefaarlik yn de earste helte fan de ferlinging. Yn de 94ste minút krige de ploech in hoekskop, mar nei in triuwflater waard fluite foar in frije traap foar Willem II. Ek in folgjende corner fan de thúsploech smiet neat op, om't Wellenreuther de bal út de loft pakte.

De twadde helte fan de ferlinging bea kânsen foar Willem II. Ché Nunnely krige in kopbal krekt net yn de goal fan keeper Warner Hahn. Ek Pol Llonch hie in goede mooglikheid, mar fûn Hahn op syn paad.

Foto: Orange Pictures

Foar Hearrenfean kaam in grutte kâns noch fan Rami Hajal. Syn prachtige omhaal bedarre lykwols tsjin de keeper fan Willem II. Ek Runar Espejord krige in grutte mooglikheid net achter Wellenreuther.

Penaltys

Willem II sette útein mei de strafskoppen. It earste skot fan de Tilburgers gie fier oer de goal fan Hahn. Faik skeat wol binnen en makke dêrmei it lytse ferskil. De folgjende trije penaltys giene deryn, mar ynfaller Espejord fan Hearrenfean miste. Dêrmei wie it mei 2-2 wer hielendal lyk.

Warner Hahn kearde de sânde penalty fan Willem II. Om't Halilovic skoarde, kaam Hearrenfean op it rantsje fan de kwartfinales. De lêste reguliere penalty fan de Feansters kaam fan de foet fan Ejuke. Hy makke de 4-3 en besoarge Hearrenfean in plakje yn de kwartfinales fan de KNVB beker.

Tsjinstanner yn dy kwartfinale wurdt Feyenoord of Fortuna Sittard.

SC Hearrenfean - Willem II 2-2 (4-3) (0-1) 20. Pavlidis 0-1; 47. Faik (penalty) 1-1; 75. Saddiki (eigen doelpunt) 2-1; 81. Dankerlui 2-2.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus, Veerman (92. Hajal), Faik, Kongolo, Ejuke, Bruijn (74. Espejord), Van Bergen (116. Halilovic).

(advertinsje)
(advertinsje)