Deputearre Poepjes oer mooglike belangeferfrisseling TopDutch-kampanje: "Dit koe sa net"

22 jan 2020 - 22:46

De skyn fan belangeferfrisseling yn it ûndersyk nei de kampanje TopDutch is neffens deputearre Sietske Poepjes in 'onfortuinlijk iets'. "Dit koe sa net", seit se deroer. De belangeferfrisseling kaam oan it ljocht nei ûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Woansdei waard bekend dat de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte de opdracht oan it buro Berenschot om de resultaten fan de mienskiplike promoasjekampanje te ûndersykjen, ynlutsen hat. It die bliken dat de direkteur fan de kampanje, dy't multinationals lykas Tesla nei it Noarden helje moast, ek wurket foar it ûndersyksburo dat der kritysk nei sjen moat.

Net mear objektyf

"Dat kin fansels net, want dan sitte je je eigen fleis te keuren", seit Poepjes. "As wy dit witten hiene yn 't foar, dan hiene we hjir net foar keazen. Kinst net in persoan syn eigen wurk keure litte of anneks wêze litte mei minsken dy't der in oardiel oer foarmje moatte. Dan sitte je der net mear objektyf yn."

Direkteur Gerard de Boer fan it TopDutch-kampanjeburo Initio hat yn de ôfrûne moannen meardere kearen betelle opdrachten dien foar ûndersyksburo Berenschot. En ynkoarten wol er opnij foar Berenschot oan de slach, as sprekker foar groepen amtners en bestjoerders. It ûndersyksburo sei earder dat dat in ûnôfhinklik oardiel oer TopDutch net yn de wei stean soe, mar dêr tinke de trije noardlike provinsjes oars oer.

Yn alle rêst besjen

Neffens Poepjes moatte de provinsjes no mei-inoar besjen hoe't se fierder sille en dat wolle se yn alle rêst dwaan. "Mar ien ding stiet as in peal boppe wetter: de manier wêrop't de TopDutch-kampanje plakfûn hat, moat op in objektive, wittenskiplike manier serieus besjoen wurde mei de foars en de tsjins."

Oant no ta hat de promoasjekampanje ôffallende resultaten hân. "Dêr woene we Berenschot no just nei sjen litte", seit Poepjes. "Mar de fraach 'hoe koe dit no' koe net mear ûnôfhinklik beäntwurde wurde."

Deputearre Sietske Poepjes oer de belangeferfrisseling

(advertinsje)
(advertinsje)