Fryslân hâldt beneaming Willem Smink as foarsitter Noardlike Rekkenkeamer tsjin

22 jan 2020 - 22:33

Willem Smink wurdt dochs net de nije foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer. In mearderheid fan de Fryske Steaten stimde woansdei tsjin. De Steaten fan Drinte en Grins hiene yn desimber wol posityf stimd oer de beneaming fan Smink. Yn de Fryske Steaten stimden 17 leden foar en 24 tsjin of blanko.

Willem Smink - Foto: Omrop Fryslân

De rekkenkeamer is in gearwurking fan de trije noardlike provinsjes. De keamer docht ûnôfhinklik ûndersyk nei it provinsjaal belied fan de provinsjes. Alle trije Provinsjale Steaten moasten ynstimme mei de beneaming fan de foarsitter.

Om't de stimming anonym wie, is de echte reden wêrom't de Steatenleden tsjin de beneaming fan Smink stimd ha net bekend. Mar it soe him sitte yn it feit dat Smink fan 2018 ôf ynterim-bestjoerder fan de Fryske Akademy wie. De Akademy is foar in part ôfhinklik fan de provinsje.

Yn de fakatueretekst stie útdruklik fermeld dat de nije foarsitter gjin rjochtstreekse bining hawwe mei mei it bestjoer fan ien fan de trije provinsjes of harren (oare) ferbûne partijen. Smink soe mei syn foarige funksje te tichtby it fjoer sitte.

(advertinsje)
(advertinsje)