Priisferleging moat Fryske motorriders oerhelje om op kursus te gean

22 jan 2020 - 22:04

In flinke priisferleging moat Fryske motorriders dit jier oerhelje om mei te dwaan oan in training yn it werkennen fan risiko's op de dyk. Gewoanwei kostet dy kursus 225 euro, mar dit jier kinne de motorriders de oplieding foar mar 50 euro dwaan.

Foto: Jarno Schurgers

It inisjatyf dêrfan komt fan it ROF, it regionaal orgaan ferkearsfeiligens. By de kursus geane motorriders moarns de dyk op. Harren tocht wurdt fêstlein op fideo. Middeis wurde de bylden dan besprutsen. Doel is dat de motorriders dan leare om fierder foarút te sjen en risiko's earder te werkennen.

Minder faak ûngelokken

Ut ûndersyk docht bliken dat minsken dy't meidien hawwe oan de training, de jierren dêrnei minder faak belutsen binne by ûngelokken.

Trefwurden: 
ferkear kursus motor motorride
(advertinsje)
(advertinsje)