Automobiliste rydt krekt bûten Holwert de feart yn
In automobiliste is woansdeitejûn krekt bûten Holwert mei har auto yn 'e Holwerter Feart bedarre. De frou ried yn de rjochting fan Brantgum doe't se fan de dyk rekke. De auto kaam úteinlik yn it wetter telâne.
De frou koe sels út de auto komme en waard troch omwenners opfongen. Se hoegde net nei it sikehûs. In berger hat de auto út it wetter helle.