Provinsjale Steaten karre kultuernota Nij Poadium goed

22 jan 2020 - 21:01

Provinsjale Steaten geane akkoart mei de nije provinsjale kultuernota 'Nij Poadium' fan 2021 oant 2024. Wol moat der op guon flakken wat oanpast wurde. Sa wolle de measte partijen mear omtinken foar amateurkeunst, jonge makkers en de konkurrinsjeposysje fan lytsere musea yn fergelyk mei grutte musea.

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

Mei de nije kultuernota feroaret der in soad foar kultureel Fryslân. Organisaasjes krije net mear fanselssprekkend in subsydzje. Se moatte dêrfoar no elke fjouwer jier in oanfraach dwaan.

Deputearre Sietske Poepjes is bliid mei de goedkarring fan Provinsjale Steaten. Se stiet efter de ekstra oandacht dy't Provinsjale Steaten ha wolle foar saken as amateurkeunst.

Subsydzje oanfreegje

De kultuernota is krekt op tiid goedkard troch Provinsjale Steaten. Fan febrewaris ôf kinne kulturele organisaasjes subsydzje oanfreegje by de provinsje. Foar de simmer moat dúdlik wurde wa't wol of net it jild ek krijt. In spesjale kommisje beoardielet de oanfragen oan de hân fan ferskate kritearia.

Deputearre Sietske Poepjes

(advertinsje)
(advertinsje)